Homepage

Voeg de huidige pagina toe aan je favorieten Zet deze website als startpagina
Home Feed toevoegen Account aanmaken Inloggen  
  Cupido-euro
  Kies uw gemeente
   Open


Opzoek naar een nieuwe auto?
Opzoek naar een andere gsm?
Lastminute boeken?
 

Nieuws uit categorie Wymbritseradiel

Hege skoare WMO-loketten     Comments: 0
De WMO-loketten yn de Fryske Súdwesthoeke skoare goed. Dat docht bliken út de resultaten fan it WMO-tefredenheidsûndersyk 2009. Dêr hawwe hast 550 WMO-kliënten yn de gemeenten Snits, Wûnseradiel, Wymbritseradiel, Boalsert, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân oan meidien. De help by it húshâlden krijt in 7,9. It sifer foar de helpmiddels lykas scootmobiel en rolstoel is 7,3. De kliënten jouwe in 7,4 foar de oanfraachproseduere.

Wymbrits ferrommet liening     Comments: 0
Wymbritseradiel hat de startersliening ferromme. Doel is om de pleatslike ekonomy te stimulearjen en mear starters te helpen by it keapjen fan in hûs. Oant no ta koene starters allinne in ekstra liening krije fan de gemeente as it hûs net djoerder wie as 175.000 euro. Dat is no ferhege nei 2 ton. Dat betsjut dat jonge minsken maksimaal 40.000 euro earst rinteleas byliene kinne. Doarpen hoopje sa jonge gesinnen oan te lûken.

Bliidskip oer weryndieling     Comments: 0
Deputearre Galema is bliid dat de Earste Keamer juster mei in romme mearderheid akkoart gien is mei de fúzje fan de gemeenten Snits, Wymbritseradiel, Wûnseradiel, Nijefurd en Boalsert. Hjirmei is de lêste stap setten yn it demokratyske proses nei de weryndieling fan de Súdwesthoeke, dat hast twa jier duorre hat. Galema is net iens mei de krityk dat de provinsje de rezjy te min nommen hat.

SWH-weryndieling giet troch     Comments: 0
De Earste Keamer is tiisdei akkoart gien mei de fúzje fan de gemeenten Snits, Wymbritseradiel, Wûnseradiel, Nijefurd en Boalsert. De fraksjes fan PvdA, VVD, CDA, Christenunie, D66 en GroenLinks hawwe foarstimd. Dy partijen binne goed foar 59 fan de 75 stimmen. De PvdA hat lang twivele. Dy partij sei opnij dat de provinsje te min rezjy fierd hat. Ek fûn de PvdA dat by Wûnseradiel op termyn miskien noch in grinskorreksje winsklik is.

?Onfries' Wymbrits krijgt tik op vingers     Comments: 0
IJLST - Wymbritseradiel krijgt ervan langs van demissionair staatssecretaris Ank Bijleveld in de kwestie rondom het Friese plaatsnamenbeleid.

?Onfries' Wymbrits krijgt tik op vingers     Comments: 0
IJLST - Wymbritseradiel krijgt ervan langs van demissionair staatssecretaris Ank Bijleveld in de kwestie rondom het Friese plaatsnamenbeleid.

Gemeenten kiezen voor Súdwest Fryslân     Comments: 0
IJLST - De gemeenteraden van Wymbritseradiel en Wûnseradiel vinden de Súdwest Fryslân de beste naam voor de nieuwe fusiegemeente in de Zuidwesthoek.

Gemeenten kiezen voor Súdwest Fryslân     Comments: 0
IJLST - De gemeenteraden van Wymbritseradiel en Wûnseradiel vinden de Súdwest Fryslân de beste naam voor de nieuwe fusiegemeente in de Zuidwesthoek.

Ruilverkaveling ôfsletten     Comments: 0
Yn Drylts is freedtemiddei de lânynrjochting Wymbritseradiel offisjeel ôfsletten. Der is yn njoggentjin jier fjirtich miljoen euro stutsen yn it gebiet. It measte jild gong nei maatregels foar de lânbou. Mar der is ek sa'n 245 bunder natoer oanlein. Troch skaalfergrutting yn de lânbou is der op 'e nij ferlet fan it wer ferkaveljen fan lân en bettere diken foar it swierdere materiaal dat der no oerhinne komt.

Radio Markant bestiet 25 jier     Comments: 0
Radio Markant, de lokale omrop fan Snits en Wymbritseradiel, fiert dit wykein syn 25-jierrich bestean.Dat docht Markant mei in spesjale útstjoering. Dy is sneontemoarn om sân oere begûn en duorret oant tsien oere jûns. Neist it spesjale programma wurde der ek live-optredens organiseard op in poadium yn de Marktstraat yn Snits. Radio Markant begûn yn 1985 as lokale omrop foar Snits, yn 1993 kaam dêr Wymbritseradiel by.

Ferdigeningswurk Drylts los     Comments: 0
It projekt ferdigeningswurken Drylts is freed offisjeel iepene troch wethâlder Germ Gerbrandy fan Wymbritseradiel. It alvestêdestêdsje waard eartiids beskerme mei skún opstelde peallen, saneamde ruters. Dy binne der net mear, mar it plak dêr't se stean hawwe, komt symbolysk werom yn de foarm fan in kuierpaad. Dat paad rint troch Ruterpolder en is 2,5 kilometer lang. Ek de renovaasje fan de Uijlenburgerbrêge en de Uijlenburg binne diel fan it projekt.

Wymbrits yn heger berop     Comments: 0
Wymbritseradiel giet yn heger berop tsjin de útspraak fan de rjochter dat jongereinketen yn 'e gemeente net langer gedoochd wurde meie. It Buro Earlike Mededingen hie in rjochtsaak oanspand tsjin de gemeente út namme fan Horeka Nederland. Keten soene neffens harren soargje foar ûnearlike konkurrinsje en de rjochter wie dat lang om let mei harren iens. De gemeente is hjir bot fernúvere oer en fynt dat benammen it belang fan de jongerein net genôch meinommen is.

Beroep tegen bierverbod jeugdketen Wymbrits     Comments: 0
IJLST - Wymbritseradiel gaat in hoger beroep tegen het bierverbod voor de achttien jeugdketen in de gemeente.

Beroep tegen bierverbod jeugdketen Wymbrits     Comments: 0
IJLST - Wymbritseradiel gaat in hoger beroep tegen het bierverbod voor de achttien jeugdketen in de gemeente.

'Provinsjaal ferbod keten'     Comments: 0
De Fryske hoareka sil der alles oan dwaan om in provinsjaal ferbod te krijen op sûpketen. Dat seit regio-foarsitter Gerlof Bleeker fan de Fryske ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland. De rjochter bepaalde dizze wike dat Wymbritseradiel yllegale keten net tastean mei. It Buro Eerlijke Mededingen, BEM, hie út namme fan de Fryske hoareka in proses oanspand tsjin de gemeente.

Rjochter: gedogen keet ferbean     Comments: 0
De gemeente Wymbritseradiel mei yllegale keten net gedoge. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert bepaald. It Buro Earlike Mededingen hie in rjochtsaak oanspand tsjin de gemeente út namme fan Horeka Nederlân. Keten soargje foar ûnearlike konkurrinsje. De gemeente Wymbritseradiel hat in gedoochbelied opsteld mei strange easken foar it drinken fan alkohol en de feiligens yn 'e keten. Wethâlder Kanselaar hie de útspraak fan 'e rjochter net ferwachte.

Grouster skûtsje verovert de Wimpel fan Wymbritseradiel     Comments: 0
GROU /HEEG - Tijdens de eerste SKS-sprintwedstrijden op de Hegemermar, afgelopen zaterdag 8 mei, heeft het skûtsje van Grou de Wimpel fan Wymbritseradiel veroverd. De wimpel werd door wethouder Germ Gerbrandy aan de bemanning overhandigd. In de eerste wedstrijd van de SKS van dit

Boargernet wreidet út     Comments: 0
Tsien Fryske nije gemeenten hawwe tongersdei 'burgernet' krige. Yn it gemeentehûs fan Stiens waard dêr it startskot foar jûn. De gemeenten dêr't it no ek ynfierd is, binne Snits, Boarnsterhim, Tytsjerksteradiel, Wymbritseradiel, Litterensadiel, Lemsterlân, It Bilt, Ljouwerteradiel, Ferwerderadiel en Amelân. Sûnt 2008 bestiet it al yn Dantumadiel en Ljouwert. Dielnimmers krije in voice-mail-berjocht mei de fraach út te sjen nei fertochten.

Tweede Kamer akkoord met Súdwest Fryslân     Comments: 0
DEN HAAG/SNEEK - De Tweede Kamer is dinsdagmiddag akkoord gegaan met de herindeling Súdwest Fryslân. Het wetsontwerp over de samenvoeging per 1 januari van de gemeenten Bolsward, Nijefurd, Sneek, Wûnseradiel en Wymbritseradiel is in overgrote meerderheid aangenomen.

Tweede Kamer akkoord met Súdwest Fryslân     Comments: 0
DEN HAAG/SNEEK - De Tweede Kamer is dinsdagmiddag akkoord gegaan met de herindeling Súdwest Fryslân. Het wetsontwerp over de samenvoeging per 1 januari van de gemeenten Bolsward, Nijefurd, Sneek, Wûnseradiel en Wymbritseradiel is in overgrote meerderheid aangenomen.

1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10
 
 
 
  Top