Nieuws uit categorie Wunseradiel
Antyk guod nei Aldfaers Erf
Comments: 0
De gemeente Wûnseradiel hâldt troch de weryndieling ynkoarten op te bestean. Dat wie oanlieding om ris goed op te romjen. Yn in depot stie noch in âlde diselwals fan 40 jier âld. Eartiids waard dy brûkt de diken te walsen en keatsfjilden te sljochtsjen. Ek waard in âlde tontsjekarre fûn.
Beide antike apparaten binne kado jûn oan de stifting Aldfaers Erf yn Allingawier. Der sille se te sjen wêze.Hege skoare WMO-loketten
Comments: 0
De WMO-loketten yn de Fryske Súdwesthoeke skoare goed. Dat docht bliken út de resultaten fan it WMO-tefredenheidsûndersyk 2009. Dêr hawwe hast 550 WMO-kliënten yn de gemeenten Snits, Wûnseradiel, Wymbritseradiel, Boalsert, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân oan meidien.
De help by it húshâlden krijt in 7,9. It sifer foar de helpmiddels lykas scootmobiel en rolstoel is 7,3. De kliënten jouwe in 7,4 foar de oanfraachproseduere. Finale: kafee's langer iepen
Comments: 0
De kafee's op Skylge meie sneintejûn in oere langer iepen bliuwe fanwege de WK-finale Nederlân-Spanje. Se moatte om trije oere ticht wêze. Yn de gemeente Wûnseradiel meie de terrassen in oere langer iepen bliuwe, oant tolve oere.
Yn Harns stean trije grutte tillevyzjeskermen om de wedstriid te folgjen. Op 'e Jouwer, yn Drachten, yn Ljouwert en op It Hearrenfean stean ek grutte skermen. Fierders wurde yn Ljouwert en Harns strjitte ôfsletten. Bliidskip oer weryndieling
Comments: 0
Deputearre Galema is bliid dat de Earste Keamer juster mei in romme mearderheid akkoart gien is mei de fúzje fan de gemeenten Snits, Wymbritseradiel, Wûnseradiel, Nijefurd en Boalsert. Hjirmei is de lêste stap setten yn it demokratyske proses nei de weryndieling fan de Súdwesthoeke, dat hast twa jier duorre hat.
Galema is net iens mei de krityk dat de provinsje de rezjy te min nommen hat. SWH-weryndieling giet troch
Comments: 0
De Earste Keamer is tiisdei akkoart gien mei de fúzje fan de gemeenten Snits, Wymbritseradiel, Wûnseradiel, Nijefurd en Boalsert. De fraksjes fan PvdA, VVD, CDA, Christenunie, D66 en GroenLinks hawwe foarstimd. Dy partijen binne goed foar 59 fan de 75 stimmen.
De PvdA hat lang twivele. Dy partij sei opnij dat de provinsje te min rezjy fierd hat. Ek fûn de PvdA dat by Wûnseradiel op termyn miskien noch in grinskorreksje winsklik is. Gemeenten kiezen voor Súdwest Fryslân
Comments: 0
IJLST - De gemeenteraden van Wymbritseradiel en Wûnseradiel vinden de Súdwest Fryslân de beste naam voor de nieuwe fusiegemeente in de Zuidwesthoek. Gemeenten kiezen voor Súdwest Fryslân
Comments: 0
IJLST - De gemeenteraden van Wymbritseradiel en Wûnseradiel vinden de Súdwest Fryslân de beste naam voor de nieuwe fusiegemeente in de Zuidwesthoek. Reparaasje gefaarlik fytspaad
Comments: 0
De gemeente Wûnseradiel is begûn mei de reparaasje fan it fytspaad fan Allingawier nei Eksmoarre en fan Eksmoarre nei Boalsert. Troch de waarmte binne parten fan it betonnen fytspaad omheechkaam. Dat soarget neffens de gemeente foar gefaarlike situaasjes. Moandei wiene der al trije ûngelokken doe't in scooterrider en twa fytsers ûnderútgiene.
Nei alle gedachten sette de naden yn it beton út troch de waarmte. Dêrtroch wurdt it beton omheechdrukt. Fytspaad stikken troch waarmte
Comments: 0
De gemeente Wûnseradiel hat it fytspaad fan Allingawier nei Eksmoarre en fan Eksmoarre nei Boalsert ôfsletten omdat it te gefaarlik is om deroer hinne te fytsen of te riden. Troch de waarmte binne parten fan it betonnen fytspaad omheech kaam en dat soarget foar libbensgefaarlike situaasjes.
Moandeihawwe der al trije ûngelokken west wêrby't in scooterrider en twa fytsers ûnderút giene. Veroorzaker gaslek kan claim verwachten
Comments: 0
WITMARSUM - De gemeente Wûnseradiel gaat proberen schade op Verkley Leidingbouw uit Drachten te verhalen. Veroorzaker gaslek kan claim verwachten
Comments: 0
WITMARSUM - De gemeente Wûnseradiel gaat proberen schade op Verkley Leidingbouw uit Drachten te verhalen. Undersyk nei skea gaslek
Comments: 0
De gemeente Wûnseradiel besjocht oft de skea troch de evakuaasje te ferheljen is op it bedriuw dat oan it wurk wie yn Wytmarsum. By graafwurk foar de nije Poieszsupermerk yn it doarp, waard in gaslieding trochmidden skuord. Neffens de kraanmasinist stie de lieding net goed op de kaart.
Sa'n tweintich omwenners moasten de hiele moarn it hûs út, mar ek 110 amtners koene net oan it wurk. De gemeente sil dizze wike besjen hoefolle wurkoeren ferlern gien binne. Groot gaslek bij gemeentehuis in Witmarsum
Comments: 0
Het gemeentehuis van Wunseradiel en vier woningen in Witmarsum zijn maandagmorgen ontruimd vanwege een grote gaslek.. Eksploazjegefaar gaslek foarby
Comments: 0
It eksploazjegefaar yn Wytmarsum is foarby. Om kertier oer alven mocht elkenien werom nei syn wenning of wurkplak. 110 amtners fan de gemeente Wûnseradiel en 20 omwenners en wurklju waarden om 9 oere moandei evakuearre.
By de nijbou fan de Poieszsupermerk op it terrein fan de eardere asylopfang waard in gaslieding stikkenlutsen. De kraanmasinist seit dat dy lieding net goed op de kaart yntekene stie. Kooi hat mei syn kollega's it gat tichtstoppe en bedobbe. Gaslek yn Wytmarsum
Comments: 0
It gemeentehûs fan Wûnseradiel en in tsiental wenningen yn Wytmarsum binne ûntromme fanwege in gaslek. By wurksumheden op de Arumerwei is in gaslieding rekke. Dêr wurdt in Poiesz-supermerk boud op it plak fan de eardere asylsikersopfang.
Yn in straal fan hûndert meter om it lek hinne moat elkenien út syn hûs. Sa'n 20 omwenners en wurklju en 110 amtners binne evakuearre. Se wurde opfongen yn it kafee. De evakuaasje duorret yn elk gefal noch oant 12 oere. Tweede Kamer akkoord met Súdwest Fryslân
Comments: 0
DEN HAAG/SNEEK - De Tweede Kamer is dinsdagmiddag akkoord gegaan met de herindeling Súdwest Fryslân. Het wetsontwerp over de samenvoeging per 1 januari van de gemeenten Bolsward, Nijefurd, Sneek, Wûnseradiel en Wymbritseradiel is in overgrote meerderheid aangenomen. Tweede Kamer akkoord met Súdwest Fryslân
Comments: 0
DEN HAAG/SNEEK - De Tweede Kamer is dinsdagmiddag akkoord gegaan met de herindeling Súdwest Fryslân. Het wetsontwerp over de samenvoeging per 1 januari van de gemeenten Bolsward, Nijefurd, Sneek, Wûnseradiel en Wymbritseradiel is in overgrote meerderheid aangenomen. Twadde Keamer foar weryndieing
Comments: 0
In romme mearderheid fan de Twadde Keamer hat tiisdei ynstimd mei de weryndieling yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Dat besjut dat de gearfoeging fan de gemeenten Wûnseradiel, Boalsert, Snits, Wymbritseradiel en Nijefurd wer in stap tichterby is. Allinnich de PVV, SP en de Partij voor de Dieren stimden tsjin de weryndieling.
It foarstel moat no noch nei de Earste Keamer. Nei ferwachting bart dat noch foar it simmerreses. WMO-loket Fean docht it goed
Comments: 0
Hearrenfean hat it bêst skoarende Fryske WMO-loket. Dat docht bliken út de lanlike top tsien. It WMO-loket fan de gemeente Hearrenfean stiet op it 13de plak, dat fan Snits-Wymbrits folget op it 24ste plak. Minder goed skoart it WMO-loket fan de gemeenten Boalsert, Wûnseradiel, Nijefurd en Littenseradiel. Dat stiet op nûmer 69.
By it WMO-loket kinne ynwenners terjochte foar ynformaasje en advys oer foarsjenningen op it mêd fan wenjen, soarch en ynkommen. Evaluaasje SWH-fusy yn 2013
Comments: 0
It Kabinet en de Twadde Keamer sille yn 2013 de gong fan saken oangeande de foarming fan de nije Súdwesthoekegemeente evaluearje. Ek moat it provinsjaal bestjoer mei in fisy komme op it iepenbier bestjoer yn Fryslân. Dat is de útkomst fan de twadde ronde yn it debat oer der weryndieling yn de Súdwesthoeke.
In mearderheid yn de Keamer stimt nei alle gedachten tiisdei yn mei de fúzje fan Wûnseradiel, Nijefurd, Wymbritseradiel, Boalsert en Snits. 1 | 2
| 3
| 4
| 5
| 6
| 7
| 8
| 9
|