Nieuws uit categorie Nijefurd
Starum: ûndersyk grûnwetter
Comments: 0
De gemeente Nijefurd sil it grûnwetter by it stasjon fan Starum ûndersykje op gefaarlike stoffen as de ravaazje oan kant is. Mooglik is disel fuortlekt. In ûnderhâldstrein skeat dit wykein rjochtút op it kopstasjon Starum en treau in lege diseltankauto dwerstroch in winkel hinne.
It ferkear yn Starum wurdt omlaat fanwege de grutte tastream fan minsken op it plak fan it ûngelok. As freed it skûtsjesilen yn Starum is, moat alles wer klear wêze yn it stasjonsgebiet.Nijefurd waarschuwt voor rioleringsbedrijf
Comments: 0
WORKUM - Inwoners van de gemeente Nijefurd worden gewaarschuwd voor een rioleringsbedrijf, dat momenteel langs de deuren gaat. Nijefurd waarschuwt voor rioleringsbedrijf
Comments: 0
WORKUM - Inwoners van de gemeente Nijefurd worden gewaarschuwd voor een rioleringsbedrijf, dat momenteel langs de deuren gaat. Bliidskip oer weryndieling
Comments: 0
Deputearre Galema is bliid dat de Earste Keamer juster mei in romme mearderheid akkoart gien is mei de fúzje fan de gemeenten Snits, Wymbritseradiel, Wûnseradiel, Nijefurd en Boalsert. Hjirmei is de lêste stap setten yn it demokratyske proses nei de weryndieling fan de Súdwesthoeke, dat hast twa jier duorre hat.
Galema is net iens mei de krityk dat de provinsje de rezjy te min nommen hat. Nepbedriuw aktyf yn Nijefurd
Comments: 0
De gemeente Nijefurd warskôget de ynwenners foar in riolearringsbedriuw dat by de doarren del giet om har tsjinsten oan te bieden. De ferkeapers fan it bedriuw biede oan om it rioel te ûntstopjen. Se soene dat dwaan yn gearwurking mei de gemeente, mar dat is net sa.
De gemeente docht absolút gjin saken mei dit bedriuw en advisearret har ynwenners dan ek om gjin saken mei dizze minsken te dwaan. SWH-weryndieling giet troch
Comments: 0
De Earste Keamer is tiisdei akkoart gien mei de fúzje fan de gemeenten Snits, Wymbritseradiel, Wûnseradiel, Nijefurd en Boalsert. De fraksjes fan PvdA, VVD, CDA, Christenunie, D66 en GroenLinks hawwe foarstimd. Dy partijen binne goed foar 59 fan de 75 stimmen.
De PvdA hat lang twivele. Dy partij sei opnij dat de provinsje te min rezjy fierd hat. Ek fûn de PvdA dat by Wûnseradiel op termyn miskien noch in grinskorreksje winsklik is. Lilk om fakânsjehúske Hylpen
Comments: 0
Ynwenners fan Hylpen binne poerlilk op de gemeente Nijefurd. Dy hat foar in wente oan de Molenstrjitte in ûntheffing ôfjûn om it te brûken as fakânsjehúske. De bewenners fine it skande om't de gemeente no rekreative bewenning mooglik makket yn in gewoane wenwyk.
Pleatselik Belang Hylpen stapt mooglik nei de rjochter om de ûntheffing op te kearen.
Nijefurd siket jonge skippers
Comments: 0
De gemeente Nijefurd is op syk nei jongeren dy't op in Tall Ship meisile wolle fan Harns nei Rotterdam. Fan 5 oant en mei 7 july kinne 30 jongeren tusken de 15 en 25 jier út Fryslân meidraaie mei de bemanning op it skip.
Sa moatte se wacht rinne, navigearje, it dek skrobje, mar ek oan it roer stean. De kosten fan de reis wurde troch de gemeente en mei subsydzjes betelle. Wynmûnen Nijefurd op sêft sin
Comments: 0
Yn Nijefurd kinne foarearst gjin groepkes wynturbines komme. De gemeente wol dêr gjin beslút mear oer nimme. B en W fine dat de nije gemeenteried fan 'e fúzjegemeente yn de Súdwesthoeke him der letter noch mar ris oer bûge moat. De provinsje moat earst mar ris mei nij belied komme.
Der binne plannen foar nustjes wynmûnen by Koudum, Warns en Molkwar. De gemeenteried praat takom wike tiisdei oer de saak. Start bou nije kazerne Warkum
Comments: 0
De bou fan in nije kazerne markeart in nije start foar de brânwacht fan Warkum nei wat in hiel dreech jier west hat. Yn en by de brânwacht waarden se mei trije trageedzjes konfrontearre; se binne in kollega ferlern en troch harren wurk wiene se belutsen by saken dy't it libben kosten fan trije bern.
Der is al úteinset mei de bou fan de kazerne. Freed waard troch boargemaster Boekhoven fan Nijefurd noch in plakette pleatst. Hôf sjocht nei weryndieling
Comments: 0
It gerjochtshôf yn Ljouwert besjocht oft boargemaster en riedsleden fan Nijefurd wat strafbers dien ha by it beslút oer de weryndieling. De aksjegroep Fan ûnderen op hat freed offisjeel beklach dien fan it feit dat it iepenbier ministearje de boargemaster en de riedsleden net ferfolgje wol.
De aksjegroep seit dat de bestjoerders fan Nijefurd meinied dien hawwe, doe't se seine dat der draachflak wie foar de weryndieling. Honden voortaan taboe op Tillefonnepaed
Comments: 0
WORKUM - Het Tillefonnepaed bij Workum is voortaan verboden gebied voor honden. De gemeente Nijefurd weert de viervoeters, omdat koeien die aan weerszijden van het pad grazen anders het gevaar lopen besmet te raken met de parasiet Neo Spora, die zich in de hondenpoep manifesteert. Honden voortaan taboe op Tillefonnepaed
Comments: 0
WORKUM - Het Tillefonnepaed bij Workum is voortaan verboden gebied voor honden. De gemeente Nijefurd weert de viervoeters, omdat koeien die aan weerszijden van het pad grazen anders het gevaar lopen besmet te raken met de parasiet Neo Spora, die zich in de hondenpoep manifesteert. Paad Warkum ticht foar hûnen
Comments: 0
De gemeente Nijefurd hat it Tillefonnepaed yn Warkum ôfsletten foar minsken mei hûnen. It paad is tige populêr by kuierders, sawol mei as sûnder hûnen.
Ferline jier die de gemeente in oprop oan hûnebesitters om de bisten oan 'e line te hâlden en de hûnestront op te rêden. De hûnestront foarmet nammentlik in besmettingsgefaar foar de kij dy't dêr rinne. De oprop hat lykwols net genôch holpen en dêrom is it paad no hielendal sletten. Undersyk meineed riedsleden
Comments: 0
De aksjegroep 'Fan ûnderen op' wol dat de rjochtbank yn Ljouwert mooglike meineed troch riedsleden fan Nijefurd dochs ûndersiket. It giet om de riedsleden dy't foar in gemeentlike weryndieling yn de Súdwesthoeke stimden.
Yn it riedsbeslút stiet dat in mearderheid fan de ynwenners foar sa'n weryndieling is. Neffens de aksjegroep is dêr gjin bewiis foar en is der dêrom sprake fan meineed. Tweede Kamer akkoord met Súdwest Fryslân
Comments: 0
DEN HAAG/SNEEK - De Tweede Kamer is dinsdagmiddag akkoord gegaan met de herindeling Súdwest Fryslân. Het wetsontwerp over de samenvoeging per 1 januari van de gemeenten Bolsward, Nijefurd, Sneek, Wûnseradiel en Wymbritseradiel is in overgrote meerderheid aangenomen. Tweede Kamer akkoord met Súdwest Fryslân
Comments: 0
DEN HAAG/SNEEK - De Tweede Kamer is dinsdagmiddag akkoord gegaan met de herindeling Súdwest Fryslân. Het wetsontwerp over de samenvoeging per 1 januari van de gemeenten Bolsward, Nijefurd, Sneek, Wûnseradiel en Wymbritseradiel is in overgrote meerderheid aangenomen. Twadde Keamer foar weryndieing
Comments: 0
In romme mearderheid fan de Twadde Keamer hat tiisdei ynstimd mei de weryndieling yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Dat besjut dat de gearfoeging fan de gemeenten Wûnseradiel, Boalsert, Snits, Wymbritseradiel en Nijefurd wer in stap tichterby is. Allinnich de PVV, SP en de Partij voor de Dieren stimden tsjin de weryndieling.
It foarstel moat no noch nei de Earste Keamer. Nei ferwachting bart dat noch foar it simmerreses. WMO-loket Fean docht it goed
Comments: 0
Hearrenfean hat it bêst skoarende Fryske WMO-loket. Dat docht bliken út de lanlike top tsien. It WMO-loket fan de gemeente Hearrenfean stiet op it 13de plak, dat fan Snits-Wymbrits folget op it 24ste plak. Minder goed skoart it WMO-loket fan de gemeenten Boalsert, Wûnseradiel, Nijefurd en Littenseradiel. Dat stiet op nûmer 69.
By it WMO-loket kinne ynwenners terjochte foar ynformaasje en advys oer foarsjenningen op it mêd fan wenjen, soarch en ynkommen. Evaluaasje SWH-fusy yn 2013
Comments: 0
It Kabinet en de Twadde Keamer sille yn 2013 de gong fan saken oangeande de foarming fan de nije Súdwesthoekegemeente evaluearje. Ek moat it provinsjaal bestjoer mei in fisy komme op it iepenbier bestjoer yn Fryslân. Dat is de útkomst fan de twadde ronde yn it debat oer der weryndieling yn de Súdwesthoeke.
In mearderheid yn de Keamer stimt nei alle gedachten tiisdei yn mei de fúzje fan Wûnseradiel, Nijefurd, Wymbritseradiel, Boalsert en Snits. 1 | 2
| 3
| 4
| 5
| 6
| 7
| 8
| 9
| 10
|